Iets Dwars Lyrics & Tabs by De Hunekop

Iets Dwars

guitar chords lyrics

De Hunekop

Album : Fiif Jier SmoarPlayStop

Der sit dy iets dwars Der sit dy iets goed dwars Ik hoef mar ien wurd te sizzen en dan giet it al ferkeard En at ik freegje wat der is dan seist hielendol neat Mar ik sjoch it oan dyn kop wol Der iets goed mis Der sit dy iets dwars En ik moat riede wat dat is Ik sit nei it fuotbaljen te sjen En do smytst mei de doarren Ik freegje om in bierke Mar ik krij de wyn fan foarren It houlik fan ús It liket wol in kwis Der sit dy iets dwars En ik moat riede wat dat is Wat is der no, fanke? Dat wo'k no graach wol wite! Ha'k wer wat ferkeards sein of bist yn de minne wike? Of bist der achterkaam dat ik mei dyn suster gie? Dêr kin'k toch neat oan dwaan nei in heal kratsje bier? Mar ja, der sit dy iets dwars! Der sit dy iets goed dwars Juster kaam ik thús en it iten stie net klear En toen ik einlings ite koe hiest de jerappels net goed gear No wit ik net in protte, mar fan ien ding bin ik wis! Der sit dy iets dwars En ik moat riede wat dat is Der sit dy iets dwars Der sit dy iets goed dwars Der sit dy iets dwars


Like us on Facebook.....
-> Loading Time :0.0042 sec