De iensumen Lyrics & Tabs by Nynke Laverman

De iensumen

guitar chords lyrics

Nynke Laverman

Album : Sielesâlt fries PlayStop

Yn einleaze greiden stean ik yn stilte.
In sinne sûnder glâns rôlet fan 'e ierde.
Moanneljocht, skruten falt it del út 'e himel.

It gers dampt, it gers dript, swier fan 'e dize
En ûnferbidlik bliuwt de grûn beferzen.
De simmer wie hyt, sy joech al har krêften:
Te koart har azem, Jûkelburd ferlit har nea.
Te hearren binn' noch de klokjes yn 'e wyn,
It sânich spoar troch it lân noch te sjen,
Mar de karre is allang ferdwûn.
Alles giet foarby en giet foar ivich
En alles wat oerbliuwt
Is leaf, mar om op te libjen
Net genôch.

Is leaf, mar om op te libjen
Net genôch.

Like us on Facebook.....
-> Loading Time :0.0061 sec