Asto mar by my bist Lyrics & Tabs by Die Twa
Asto mar by my bist
guitar chords lyrics
‘k Bin op it fleanfjild, en wachtsje op dy.
De tiid dy giet fierstente traach foarby.
Ik kin hast net beskriuwe wat ik fiel,
Ik moat wat ite, mar gjin hap komt troch myn kiel.
‘k draai in cd-tsje en sjong wat mei,
Want as 'k dy teksten hear, tink ik oan dy.
Ik ha dit plaatsje no sa‘n tsien kear heart
Want as ik oan dy tink fiel ik de simmer yn myn hert.
Straks sil de sinne skine asto by my bist,
Ik wol dy om my hinne, neat sûnder dy begjinne
(Dan giet de) sinne skinen asto by my bist.
Ik kin de hiele wrâld oan,
Salang asto mar by my bist.
In restaurantsje en ik stek mar oan.
En dan ynienen hear ik de telefoan.
Myn hert dat bûnset en giet tekear
Mei dyn nûmer yn it skerm, hâld ik it hast net mear.
"It wurdt wat letter, in drege flucht"
"Neat oan te dwaan pop, ik ha geduld"
Trije moanne ha ik op har wacht
As dit nog langer duorret, ha ‘k mysels net yn ‘e macht.
Straks sil de sinne skine asto by my bist,
Ik wol dy om my hinne, neat sûnder dy begjinne
(Dan giet de) sinne skinen asto by my bist.
Ik kin de hiele wrâld oan,
Salang asto mar by my bist.
Mar dan komsto de hoeke om en lakest blier nei my
Do seist "ik bliuw fan no oan hiel myn libben lang by dy""
Ik nim dy by dyn hân, dyn lippen reitsje dy fan my,
Myn wrâld stiet op ‘e kop, de nacht feroaret yn in dei.
Want de sinne skynt wer no‘sto by my bist
Ik wol dy om my hinne, neat sûnder dy begjinne
de sinne skynt wer no‘sto by my bist
Ik kin de hiele wrâld oan,
Salang asto mar by my bist.
Want de sinne skynt wer no‘sto by my bist
Ik wol dy om my hinne, neat sûnder dy begjinne
de sinne skynt wer no‘sto by my bist
Ik kin de hiele wrâld oan,
Salang asto mar by my bist.
Ik kin de hiele wrâld oan,
Salang asto mar by my bist...